Krystkonsert fan 26 desimber 2012

Op 26 desimter 2012 fan 09.00 oere oant 11.00 oere in muzykprogramma mei krystopnamen út ús wiidweidige argyf. Mei opnamen fan de Messiah fan George Friedrich Händel, makke yn 1989 yn Boalsert, mei ûnder oaren Évery Valley', ‘For unto us a Child is born” en it bekende ‘Halleluja-koar’.

Fierders komme wy tal fan muzikale skatten tsjin, sawol klassyk as modern of gewoan tradisjoneel.

Krystmuzyk út it argyf, dat wolle jo net misse!

Krystkonsert 26 desimber 2012

Diel dit berjocht op:

Krystkonsert radio

Krystkonsert, trije oeren krystmuzyk út it argyf fan Omrop Fryslan. Mei ûnder oaren stikken út in krystkonsert opnommen yn Wolvegea yn 2002, mei brassband Euphonia en it Roden Handel Chorus. Ut 2013 dielen út it krystconcert út de Martinitsjerke yn Frjentsjer, mei Advendo en it koar Imanuel. Ek de groep Koorbisnis is te hearren mei it Frysk Fanfare-orkest, ferline jier opnommen yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. Der is net allinnich muzyk út it argyf, mar ek in foarpriuwke út de krystsjoo foar de hiele húshâlding hâlden yn Theater Sneek.
(advertinsje)