Krystkonsert fan 25 desimber 2014 17:00

    Hjoed it earste part fan it krystkonsert fan it Frysk Fanfare Orkest en Koarbizznizz dat yn novimber opnaam is yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert.

    Krystkonsert

    Op earste krystdei stjoert Omrop Fryslân de foarstelling “In Krystbetsjoening” út op televyzje, in ôfwikseljend “broadway”-programma mei muzyk, dûns en bekende krystferskes. Learlingen fan de musicaloplieding MUZT, dûnsers fan Dance Explosion en de Talentklas Dans, en bern fan it KinderMuziekTheater trede op yn dizze sfearfolle show. Mei fierder optredens fan solisten Jannie Brandsma en Dennis Dronkers, begelaat troch in orkest mei leden fan it Sneker Symfonie Orkest en Bigband Cue. Dizze krystfoarstelling fan it Cultuur Kwartier Sneek is snein 13 desimber opnommen yn de grutte seal fan it Theater Sneek.
    (advertinsje)