Krystkonsert fan 25 desimber 2013

Krystkonsert opnaam yn de Martinitsjerke fan Frjentsjer. It konsert wurdt organisearre troch de harmony Advendo en mingd koar Immanuël, beide út Frjentsjer. Dit krystkonsert wurdt útstjoerd op de radio op twadde krystdei om 09.20 oere en op televyzje yn twa dielen. Earste krystdei fan 17.00 oere ôf elts oere en op twadde krystdei elts oere nei Hjoed.

Krystkonsert

Op earste krystdei stjoert Omrop Fryslân de foarstelling “In Krystbetsjoening” út op televyzje, in ôfwikseljend “broadway”-programma mei muzyk, dûns en bekende krystferskes. Learlingen fan de musicaloplieding MUZT, dûnsers fan Dance Explosion en de Talentklas Dans, en bern fan it KinderMuziekTheater trede op yn dizze sfearfolle show. Mei fierder optredens fan solisten Jannie Brandsma en Dennis Dronkers, begelaat troch in orkest mei leden fan it Sneker Symfonie Orkest en Bigband Cue. Dizze krystfoarstelling fan it Cultuur Kwartier Sneek is snein 13 desimber opnommen yn de grutte seal fan it Theater Sneek.
(advertinsje)