In Kryst fol Koper fan 25 desimber 2011

Mei de krystdagen stjoert Omrop Fryslân it sfearfolle krystkonsert ‘In Kryst fol Koper’ út op radio en televyzje. Brassband De Bazuin fan Oentsjerk, ûnder lieding fan Klaas van der Woude, brocht dat konsert op 10 desimber yn de Grutte Tsjerke fan Harns. Sjongers Oedo Kuipers en Fardau van der Woude trede as solisten op yn ûnder oare ‘O Holy Night’ en ‘Santa Claus is coming to town’. Noch in soliste is de 17-jierrige pianiste Valentina Tóth. Sy spilet ûnder oaren it ‘Allegro’ út de Sonate yn Bes fan Wolfgang Amadeus Mozart. Brassband De Bazuin komt dêrneist ek noch mei in wrâldprimeur; de muzyk út de film ‘The Polar Express’. Fansels ûntbrekt it mienskiplik sjongen ek net, mei begelieding fan Melchert van der Zwaag op it prachtige Hinsz-oargel fan de tsjerke.

Diel dit berjocht op:

Krystkonsert

Op earste krystdei stjoert Omrop Fryslân de foarstelling “In Krystbetsjoening” út op televyzje, in ôfwikseljend “broadway”-programma mei muzyk, dûns en bekende krystferskes. Learlingen fan de musicaloplieding MUZT, dûnsers fan Dance Explosion en de Talentklas Dans, en bern fan it KinderMuziekTheater trede op yn dizze sfearfolle show. Mei fierder optredens fan solisten Jannie Brandsma en Dennis Dronkers, begelaat troch in orkest mei leden fan it Sneker Symfonie Orkest en Bigband Cue. Dizze krystfoarstelling fan it Cultuur Kwartier Sneek is snein 13 desimber opnommen yn de grutte seal fan it Theater Sneek.
(advertinsje)