Klipkar+ fan 23 febrwaris 2013

Femke de Walle is dizze wike by de betinkers fan it festival Lassie Toverrock, in muzykfestival dat sneon 23 febrewaris plakfynt yn De Skalmei yn Hurdegaryp. It festival is organisearre troch ûnder oaren Sjoerd Plantinga, bekend fan Strawelte.

Douwe Talma sjocht by de jonge Pien Breeuwsma. Sy stie earder yn de finale fan de Kleine Prijs van Friesland en is no dwaande mei it opnimmen fan blueseftige nûmers ûnder de namme ‘De Roadhouse sessions’.
By Noardewyn is Louiza Saitova te gast. Sy ûntflechte yn 2003 mei har man en dochterke it troch oarloch teistere Tsjetsjenië en sjongt no foar ús yn de radiostudio.
En der kin stimd wurde op de nijste klip fan De Kast.

Diel dit berjocht op:
Klipkar+

Klipkar+

Klipkar+ wie it fideoklipprogramma fan Omrop Fryslân. Alle wiken koest stimme op trije fideoklips mei Fryske roots. Sjoch no ek op www.klipkar.tv foar 24 oeren deis Fryske Klips!
(advertinsje)