Klipkar+ fan 2 maart 2013

Dizze wike sjocht Douwe Talma by Zea yn Amsterdam. De nije sjonger en gitarist fan de "underground" band ‘The Ex’ sjongt yn it Frysk no’t syn mem der net mear is. Hy is al jierren aktyf mei de muzyk oer de hiele wrâld en hat ek in studio opset yn Afrika.

Johannes Rypma en Iris Kroes stride dizze wike tsjin elkoar om de populêrste fideoklip fan Fryslân te wurden. Johannes stiet al twa wiken op ien en dizze wike komt Iris yn de muzyk-boksring my in klip fan har lêste single ‘Thús’.

By Noardewyn is de nije Fryske band ‘De Sketchers’ te gast. De band spilet ‘festivalfreonlike’ Ska (in muzykstyl fan fleurige dûnsmuzyk, ûntstien op Jamaika) en fertelt oer syn plannen. Eduard Rekker makke in no al legindarysk ynterview mei de band; ûnder de dûs!

Klipkar+

Klipkar+

Klipkar+ wie it fideoklipprogramma fan Omrop Fryslân. Alle wiken koest stimme op trije fideoklips mei Fryske roots. Sjoch no ek op www.klipkar.tv foar 24 oeren deis Fryske Klips!
(advertinsje)