Kletterdei: iepening 11-fountains fan 18 maaie 2018 16:00

De 11 fonteinen yn de 11 Fryske stêden wurde freed 18 maaie iepene. De fonteinen binne ûntwurpen troch ynternasjonale keunstners yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 2018. De iepening fan it projekt 11Fountains is freed live te folgjen by Omrop Fryslân op telefyzje en online.

De keunstners stelle sels de fonteinen foar it earst yn wurking. Dat wurdt begelaat troch moaie bylden dy't it publyk fan stêd nei stêd begeliede. Fan Ljouwert nei Dokkum, Frjentsjer, Harns, Boalsert, Warkum, Hylpen, Starum, Sleat, Drylts en Snits.

Kletterdei: iepening 11-fountains

Op freed 18 maaie wurde de 11 fonteinen yn de 11 Fryske stêden iepene. De keunstners stelle tusken 16.00 en 17.00 oere sels de fonteinen foar it earst yn wurking.
Presintaasje: 
Miranda Werkman
(advertinsje)