Kening Hert & Harry Hazze fan 9 oktober 2017 17:45

Kening Hert & Harry Hazze: Harry wurdt in kabouter, diel 2

Harry sil him ferklaaie as kabouter.
Mar dan bellet de Kening.
Harry is fergetten syn skuon te poetsen.
Balend nimt hy se mei nei syn keuken.
As it de Kening allegear te lang duorret, giet hy efkes nei de keuken om te sjen hoe fier Harry is.
Mar dan krijt er de skrik fan syn libben!

Berneprogramma

Alle jûnen foar de alderlytsten in berneprogramma fan in pear minuten om de dei mei ôf te sluten. Ofwikseljend Tomketiid, Bear Boeloe en Fratsen.
(advertinsje)