Kening Hert en Harry Hazze fan 5 oktober 2016 10:30

‘De stikelbargen komme der oan’

Omdat it hjerst wurdt, sil de kening sjonge foar de stikelbargen. Hy moat der dan fansels hiel kreas útsjen. Dêrom sil Harry de kroan noch efkes poetse. Hy docht dit by de kening yn ‘e bosk, mar dan begjint it hiel hurd te stoarmjen en te tongerjen! Wat moatte se no?

Diel dit berjocht op:

Kening Hert en Harry Hazze

De yntelliginte, mar in bytsje naïve Kening Hert en syn wat ûndogenske lakei Harry Hazze wenje tegearre yn it paleis yn 'e bosk. In libbensecht poppespul.
    Radio iconUtstjoering: Alle earste woansdeis fan 'e moanne om 10.30 oere.
(advertinsje)