Kening Hert en Harry Hazze fan 1 maart 2017 11:00

‘O nee, wat rûk ik dêr?’

Harry is krekt klear mei it skjinmeitsjen fan de keningskeamer as de kening by him komt. Dy fynt dat Harry it net goed dien hat! Hy wol it krekt sa moai en skjin ha as by kening Skiep. Dêr is Harry net sa bliid mei fansels. Mar as de Kening efkes letter werom komt fan syn besite oan kening Skiep, kriget it ferhaal ynienen in hiele oare draai!

Kening Hert en Harry Hazze

De yntelliginte, mar in bytsje naïve Kening Hert en syn wat ûndogenske lakei Harry Hazze wenje tegearre yn it paleis yn 'e bosk. In libbensecht poppespul.
(advertinsje)