K-rûte op Oerol fan 20 juny 2012

Hjoed yn K-rûte op Oerol: Yn K-rûte fan woansdei ha we tegearre mei aktrise Margje Wittermans nei de foarstelling 'Bonte avond' fan bodybuilders fan it RO Theater út Rotterdan west. In foarstelling wêryn 9 kickboksers toanielstikjes dogge en sels in dûnske! Margje Wittermans wie entûsjast.Mei arsjitekte Nynke Rixt Jukema, in fêste Oerolgongster, sjogge we by it ekspedysjeprojekt Nieuw Schitterum. Se jouwt har fisy op dizze gearfoeging fan ûntwerp, arsjitektuer, byldzjende keunst, muzyk en foardracht.  
 
K-rûte op Oerol
Krekt as alle jierren dogge we op televyzje ferslach fan it Oerol festival op Skylge. Fan moandei 18 juny oant en mei sneon 23 juny alle dagen de K-rûte mei nijsgjirrige reportaazjes oer it festival, de minsken en de foarstellings.Presintatoren Annet Huisman en Albert Jensma binne alle dagen op 'en paad mei in gast en sjogge nei nijsgjirrige foarstellings. Albert sil as earste mei Theunis Piersma op paad. Piersma is ekolooch en sil in kolleezje jaan yn gearwurking mei keunstner Thijs van Vuure. Op tiisdei sjogge we hoe't Annet in jûn op 'en paad west hat mei Teaterdirekteur Stef Avezaat. Oare gasten yn 'e rin fan 'e wike binne aktrise Margje Wittermans en twa jonge akteurs fan jeugdteater 'n Meeuw.Ek sjogge we by it Frysk teater selskip Tryater dy' t mei in nije foarstelling “Hjir!” op Oerol stiet. En we meitsje in reportaazje oer de gidsrûte. Jaeike Stienstra fan Skylge sil mei in groep besikers nei in tal foarstellings, mar lit dizze minsken ek bysûndere plakjes fan it eilân sjen.
 
Omrop Fryslân radio op Oerol
Fan moandei oant en mei freed in Oerol audio-deiboekje fan Karen Bies yn Omnium om 11.30 oere en in ferslach fan in foarstelling yn Aktueel tusken 16.00 en 18.00 oere

Oeroldeiboek fan 20 juny 2012

Oerol repo Tinbergen

Share this page on:
 K-rûte

K-rûte

K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Dizze wike is K-Rûte op Oerol!!
(advertinsje)