K-rûte op Oerol fan 18 juny 2013

K-rûte op Oerol
Krekt lykas alle jierren dogge we no ek wer op televyzje ferslach fan it Oerolfestival op Skylge. Fan moandei 17 juny oant en mei sneon 22 juny alle dagen de K-rûte mei nijsgjirrige reportaazjes oer it festival, de minsken en de foarstellings.

Hjoed yn K-Rûte op Oerol:
Muzikant, teatermakker en fûgeltsjeman Sytze Pruiksma docht dit jier de muzikale rezjy fan de foarstelling Home Sweet Home fan it selskip Via Berlin yn ko-produksje mei it Ragazze Kwartet en Slagwerk Den Haag. It jonge muzykteaterselskip Via Berlin makket op Oerol it tredde stik yn in rige dêr't persoanlike ferhalen yn ferteld wurde tsjin in eftergrûn fan it grutte tema oarloch. Wy binne mei Sytze by de premjêre fan de foarstelling en sjogge him noch de lêste oanwizings jaan.

Muzyk yn kafees
Njonken de muzyk fan Oerol op it Griene Strân en it Westerkeynterrein regelje kafeebazen fan Skylge al jierren sels ek muzyk foar de eigen saak. Lykas bygelyks De Vijfpoort en De Rustende Jager. De Rustende Jager hat lykwols dit jier foar it earst gjin muzyk. Neffens kroechbaas en Oerolman fan 'e earste oere kin it net mear út. Der moat tefolle jild by. Jan fan Teake fan de Vijfpoort freget om deselde reden sûnt ferline jier entree. In ferhaal oer passy foar muzyk en it jild.

Omrop Fryslân radio op Oerol
Fan moandei oant en mei freed in bydrage fan René Koster yn Omnium om 11.30 oere en in ferslach fan in foarstelling yn Aktueel tusken 16.00 en 18.00 oere.

Share this page on:
 K-rûte

K-rûte

K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Dizze wike is K-Rûte op Oerol!!
(advertinsje)