K-rûte fan 8 maart 2013

It doarp
As wy it wurd plattelân yn de mûle nimme – knoffelje begripen as krimp en leechrin der al gau efteroan. Libbenskrêft en dynamyk, hearst gjin minske oer... As it oan Wapke Feenstra leit, komt der gau feroaring yn. Sy docht as keunstner op har eigen manier ûndersyk nei feroarings op de lytse doarpen. Net allinnich hjir, mar ek yn it bûtenlân, oer de hiele wrâld. Ynkoarten komt der in boek fan har út oer Wjelsryp mei de titel A Photographic Portrait of a Landscape. En dêryn hat sy it krekt oer de libbenskrêft en dynamyk. Fan in doarp, wêrfan’t je it miskien net ferwachtsje soene.

Liet
It ynternasjonale sjongfestival foar minderheidstalen, Liet Ynternasjonaal, fynt ein dit jier plak op Korsika. Ofrûne sneon waard bekend wa't dêr foar Fryslân útkomme sil. Want dat is altyd de winner fan it Frysktalige sjongfestival Liet, dat ôfrûne sneon hâlden waard yn de Prinsetún yn Ljouwert. Herman Zeilstra seach efter de skermen hoe't dy wedstriid ferrûn en seach fan tichtby hoe't in opmerklike artyst úteinlik winner waard.

Festival 316
En dan wie der dit wykein noch in gesellich festival yn Fryslân dat it geweldich trof mei it moaie waar. In pear tûzen minsken op in stik greide by Oerterp. Mei nasjonale en ynternasjonale artysten. Festival-316 is it jierlikse festival fan Noard-Nederlân foar kristenen. Evert van den Berg seach him de eagen út.

Share this page on:
 K-rûte

K-rûte

K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Dizze wike is K-Rûte op Oerol!!
(advertinsje)