K-rûte fan 7 desimber 2011

Dizze wike yn K-rûte û.o.:
* Keunstner Jochem Hamstra
* Remon de Jong
* Ned. Brassband Kampioenskippen
 
Jochem Hamstra
Oant en mei 24 desimber is der yn Gallery Hoogenbosch op 'e Gerdyk in groepstentoantstelling te sjen fan sân skilders. Ien fan dizze skilders is de 49-jierrige Jochem Hamstra út Grins. Hamstra komt út in skippersfamylje fan It Hearrenfean en is al 20 jier as keunstskilder aktyf. Apart oan it wurk fan Jochem is dat der faak in geast fan ellinde troch syn wurk waard. Hy makke koartlyn in searje fan 52 portretten fan famyljeleden op basis fan âlde foto's. As in oade oan syn (skippers-)famylje. Dizze skilderijen komme takom jier yn it Belvédère Museum te hingjen. Douwe Talma socht him op en gie mei him nei it plak dêr't it allegear begûn, mar ek nei it plak dêr't it no allegear bart foar Hamstra.
ww.galeriehoogenbosch.nl
 
Nederlânske Brassband Kampioenskippen
Op freed 2 en sneon 3 desimber waarden yn Martini Plaza yn Grins de Nederlânske Kampioenskippen Brassband hâlden. In grut tal Fryske bands wie fan de partij, mar net "De Bazuin" út Oentsjerk. Dy band hie net genôch besetting. K-rûte folge de ferrjochtings fan benammen de Fryske dielnimmers.
www.enbk.nl
 
Skyn en Skaad
Hy wol ferhalen fertelle en dermei minsken neitinke litte oer harren funksjonearjen yn de mienskip. Remon de Jong (1977) is bekend as rapper. Mar wat de measte minsken net witte is dat hy ek byldzjend keunstner is. Freed wurdt in tentoanstelling iepene mei syn byldzjende wurk yn “De Straat” fan it Frysk Museum. De tentoanstelling giet oer privacy en oer it gefoel fan minsken dat se nea allinnich binne. Dat der altyd wol ien dy't oer har skouder meisjocht en dat se dêrtroch nea harsels wêze kinne. Privacy bestiet eins net. De K-rûte wol mear witte en siket him op yn syn atelier yn Weesp.

Diel dit berjocht op:
 K-rûte

K-rûte

K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Dizze wike is K-Rûte op Oerol!!
(advertinsje)