K-rûte fan 6 maart 2013

De lytse kannibaal

Dichtkeunstner Elmar Kuiper fan Húns hat it toanielstik ‘De lytse kannibaal’ skreaun. In tragikomeedzje oer in hurdfytser, syn frustrearre ambysjes en leafdes. De spilers fan toanielferiening De Takomst fan Húns en Leons binne der drok mei. Dit is Elmar syn twadde toanielstik. De rezjy is yn hannen fan Thomas Bijlsma fan Garyp. Op freed 8 maart is de premjêre fan ‘De lytse kannibaal’.
Mear ynformaasje oer dit stik: http://www.huins-lions.nl/images/delytsekannibaal.pdf

Oer de takomst fan it teater

De resesje slacht ek ta by de teaters yn Fryslân. Minsken krije dien, hawwe minder te besteegjen en dan keapje sy oer it algemien leaver in nije broek yn stee fan in kaartsje foar in foarstelling of konsert. Mar hoe slim is it? En wat dogge de teaters deroan om de seal dochs fol te krijen? Programmearje sy minder risikofol of sykje sy krekt nei wat aparts? K-rûte praat mei direkteur Oostvogel fan Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert, mei bedriuwslieder Henk de Jong fan De Skâns op ‘e Gordyk en mei Jan Arendz en Marijke Geertsma, dy't besykje om op aparte lokaasjes publyk nei harren nije foarstelling ‘Oarlochstriennen’ te lûken.

1275 dagen

Wiebe Koldyk, makker fan it teaterstik ‘1275 Dagen’, makket nijsgjirrigens geande by it publyk mei dit geheimsinnige stik. De teatergroep Brainroer lit it publyk in yntins ferhaal belibje. ‘1275 Dagen’ is in teaterfoarstelling oer leafde dy’t net sear dwaan mei en oer eangst foar it libben, mar ek om te stjerren. Trije mannen hawwe in ôfspraak en steane foar de ultime die fan leafde. Mar wat is dy ôfspraak? Dogge sy it? Hjoed of miskien moarn? As in ûnferwachte gast nei ‘it wêrom’ freget, witte de mannen dat harren tiid gjin skoft mear hâlde kin. '1275 Dagen' is basearre op in stik út Flaanderen. Troch ûnder oaren de oersetting nei it Frysk hat Koldyk der in eigen draai oan jûn. Mei de akteurs Jehannes Arendz, Rienk Nicolai en Dirk van Weerden stiet hy de kommende tiid op it poadium ûnder rezjy fan Anne Zijlstra. En goed om te witten: yn it foar hawwe de akteurs it orizjineel net sjoen.
Mear ynformaasje oer it nije stik ‘1275 Dagen’ wurdt net bekend makke troch teatergroep Brainroer. Mar ien ding is wis oer dit geheimsinnige stik, it publyk sil tinke: wat gebeurt hjir?! Fan 9 maart ôf is it stik te sjen yn ‘Ons Huis’ yn Beetstersweach.
Website: www.1275dagen.nl

Diel dit berjocht op:
 K-rûte

K-rûte

K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Dizze wike is K-Rûte op Oerol!!
(advertinsje)