K-rûte fan 30 novimber 2011

Dizze wike yn K-rûte û.o.:
* Explore the North
* Gloednij
* Lêsklup oer Werom nei Stienwert fan A. Rozendal
 
Explore the North
In soarte fan Crossing Border, mar dan de noardlike edysje. Dat soenen de organisatoaren fan festival Explore the North net in gekke fergeliking fine. Freed 25 en sneon 26 novimber is de earste edysje fan dit poadium foar noardlike muzyk en literatuer. De freedtejûns iepenet it festival mei in sympoasium oer "Het noordelijk gevoel". Dit inisjatyf lûkt in pear bysûndere gasten nei Ljouwert. Sa is de suksesfolle Sweedske trillerskriuwer Hakan Östlundh foar it earst yn Nederlân te sjen en te hearren. Teitur fan de Faeroërer eilannen treedt op yn de Grutte Tsjerke yn in 2 meter sessy fan Jan Douwe Kroeske. Fierders kin it publyk kieze út in grut ferskaat oan Fryske, Skandinavyske en Britsk/Welske skriuwers en muzikanten. It Noarden is yn it festival dus definiearre as noardlik Europa. Sneontemiddei fiert in literêre reis lâns Swarte Hoanne, Sint Jabik en Peazsens-Moddergat, dêr't dichters en muzikanten as Tsjêbbe Hettinga en Sytze Pruiksma optrede en fertelle oer harren bining mei it noarden. By de Waach yn Ljouwert trede middeis dichters en muzikanten op yn 'e húskeamerkontener en binne der muzikale optredens op Podium Asteriks. De jûns kin it publyk kar meitsje út mar leafst njoggen poadiums mei 35 optredens. Explore the North wurdt stipe troch Fryslân 2018.
www.explore-the-north.nl
 
 
Gloednij: wat oars as in klucht
Neffens regisseur, oersetter en resinsint Gurbe Dijkstra (65) fan Rie spylje Fryske toanielselskippen te faak in klucht. Hy wol ris wat oars en betters op ‘e planken bringe. Dêrom hat er toanielselskip Gloednij oprjochte. Mei de toanielspilers Tjikkie Toering en Grytsje Kleefstra is er no dwaande mei de repetysjes foar de ienakter Ofrekkenje fan Rob Bognar. It stik giet oer twa freondinnen fan hast 40 jier dy’t elkoar op ‘e nij tsjinkomme. Se binne beide by de man wei en hawwe bern. Se sjogge wol oerienkomsten yn inoar, mar feit bliuwt dat se út in ferskillend miljeu komme. De premjêre is op 3 desimber yn kafee Rolbrêge yn De Tynje (útferkocht). De K-rûte sjocht by Gurbe Dijkstra thús en komt del by de repetysje fan Gloednij.
 
K-rûte lêsklup lêst "Werom nei Stienwert"
De K-rûte lêsklup is wer aktyf. Dizze wike lêze se it boek: Werom nei Stienwert fan Anders M. Rozendal.Skriuwer Rozendal hat al in hiele rige boeken útjûn by de Kristlik Fryske Folksbibleteek mar ' Werom nei Stienwert' is syn lêste wapenfeit.Wat fine ús lêzers derfan én wat fynt de skriuwer fan de reaksjes?

Share this page on:
 K-rûte

K-rûte

K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Dizze wike is K-Rûte op Oerol!!
(advertinsje)