K-rûte fan 3 april 2013

Moaie ferhalen fan doe.
Ofrûne sneon is op ‘e Jouwer in grut reünykonsert fan bands dy't yn de 60-er jierren populêr wiene op ‘e Jouwer en omkriten. Legindaryske nammen as Spot '66, The Happy Brothers, The Brown Eyes, Het Toledo trio, De Zingende Cowboys en The Free Boys dogge dêroan mei. K-rute is derby en wol mei dielnimmers en besikers anekdoates ophelje. Hoe gie dat eartiids en wat hat de tiid – 50 jier – mei ús allegearre dien? Sterke ferhalen dus.

Op syk nei in eigen libben.
‘De achtste dag van de week’ is in teaterfoarstelling oer twa jonge minsken dy't fan doel binne in eigen wei te finen yn it libben, ek al sit alles tsjin.
Agnieszka wennet mei har âlden en broer yn in lyts hûs yn Warschau. Sy is fereale op Pjotr, mar sy hawwe gjin plak om mei syn beiden allinnich te wêzen. Agnieszka tinkt mar oan ien ding: in eigen romte foar harsels. Fjouwer muorren, in doar dy't op slot kin en stilte. Mear hat sy net nedich.
De spilers fan dit stik binne hast klear mei harren oplieding en wolle fierder studearje oan de toanielakademy. Mar hoe sjogge sy dat foar har, want ek no binne de omstannichheden net ideaal en sy hawwe ek de tiid net mei.

Urban Friday.
Op freed 29 maart organisearre Keunstwurk in Urban Dance Festival yn Drachten. Dêrmei wolle sy de Urban dûns yn Fryslân in boost jaan. Der binne yn ús provinsje bêst wol in soad dûnsers aktyf mei dy dûnsstilen. Hiphop, Streetdance, Breakdance, Popping, Locking, Tutting, Housedance, Ultimate Freestyle. Niels van der Steen is koreograaf en dosint oan de dûnsakademys Codats en Fontys. Hy is ien fan de minsken dy't workshops jaan sil. Mar sûnt koart binne der ek in pear Urban dûnsers delstrutsen yn Stiensgea. Sy neame harsels ‘We Run Thiss’ en wolle de kommende jierren de Urbanscene yn Fryslân ris goed opskodzje. K-rute is benijd.

Share this page on:
 K-rûte

K-rûte

K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Dizze wike is K-Rûte op Oerol!!
(advertinsje)