K-rûte fan 27 maart 2013

Ming

Fan 23 maart oant oktober is der yn it keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert in grutte Ming-tentoanstelling te sjen. Sineesk porslein mei in wearde dy’t oprinne kin oant yn de miljoenen euro’s. It is porslein mei in ferhaal dêr't keizers, hannelers en skipbreuken in rol yn spylje.
It museum biedt in audiotoer - mei koptillefoans - oan, sa kin men der sûnder tarieding hinne.
Wa't it maksimum oan Ming-genot hawwe wol, docht der wol goed oan him of har thús wat ta te rieden fia it ynternet of mei oare media, want Ming fertelt in prachtich ferhaal oer de Sineeske skiednis bygelyks.
K-rûte wie al by de opbou fan de tentoanstelling en seach ek by in priveesamler dy't om begryplike redenen anonym bliuwe wol.

Oprecht en kwetsbaar

Yn it Titus Brandsma museum is fan dizze wike ôf in bysûndere eksposysje te sjen.
It giet om it wurk fan skilder Douwe Elias en hat de titel: Oprecht en Kwetsbaar.
De eksposysje bestiet út 101 skildere portretten fan Elias oer bern mei in ferstanlike beheining, in tema dat yn syn libben en oeuvre faker werom komt.
Syn heit wie nammentlik BLO-dosint yn Ljouwert en sadwaande kaam Elias al jong yn kontakt mei 'debilen en ymbesilen', termen dy’t yn de jierren '60 noch gebrûklik wienen.
De ymperfeksje fan de minske bleau Elias altyd by en fynt syn wei noch hieltyd yn syn skilderwurk.
It Titus Brandsma museum yn Boalsert is in goed plak foar sa’n eksposysje.
Brandsma hie in grut hert foar minsken mei in beheining en Elias fielt himsels dan ek ferbûn mei Brandsma.
Op tongersdei 21 maart (Wereld Down Dag) waard de eksposysje yn Boalsert iepene en sochten wy Douwe Elias op yn syn atelier yn Frjentsjer.

In libben nei Ska3

Ljouwerter Jan Petersen (33) is muzikant. Hy makke earder al muzyk ûnder de namme Grootmeester Jan en wie ek de iene helte fan it 'dialectro'-duo Ed Lip & Aart Lus. Harren nûmer “Ik bin su eil” wie yn 2008 in ûntsettend populêr ferske yn Fryslân. De ôfrûne pear jier makke Jan benammen furoare as sjonger, frontman en spil fan it suksesfolle Ska3. De Fryske band yn it rôze, dy’t de berneferskes fan it Belgyske K3 yn in nij jaske jitte.
Mar earder dit jier kaam ynienen it nijs dat Ska3 ophâldt. K-rûte is dêrom benijd hoe’t it libben der foar Jan Petersen útsjocht nei Ska3. Wat binne de plannen en hoe sjocht er werom op syn eardere optredens?

Share this page on:
 K-rûte

K-rûte

K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Dizze wike is K-Rûte op Oerol!!
(advertinsje)