K-rûte fan 26 oktober 2011

Dizze wike yn K-rûte:
* Nachtreis troch It Bilt. In aventoer yn oanrin nei Fryslân 2018.
* Noordelijk Koorfestival yn Ljouwert. Trije dagen klassike keamerkoaren en workshops.
* Miranda Dijkstra wint Special Award, in priis foar keunstners mei in ferstanlike beheining.
* Jaap Oosterwijk is de spil fan foarstelling Opus Pandora, mei sa'n 150 jongeren.

 

Nachtreis:
It publyk sammelet yn kafee "It Graauwe Paard" yn Aldebiltsyl. Der stiet harren in nachtlik aventoer te wachtsjen troch it Biltske lân. Earste stop is de seedyk by it Noorderleech.
Tjerk Kooistra makke mei Bilkerts dizze aventoeretocht foar "De Reis", it trajekt nei de oanrin fan Fryslân Kulturele Haadstêd. Jaap Groen is ferantwurdelik foar de foarmjouwing.
 

Opus Pandora:
Opus Pandora is in muzykteaterstik dy't it kulturele lânskip en de rol fan minksen dêryn kritysk beskôget. Sa'n 150 jongeren wurkje mei oan dizze famyljefoarstelling yn in ferskaat oan dissiplines. Fries Jeugd Harmonie Orkest, musicalklas MUZT en it bernemuzykteaterkoar út Snits.

Brein en inisjator efter dit grutte projekt is Jaap Oosterwijk (54). Jaap is al goed tritich jier warber yn de Fryske keunst. As muzikant, dosint, akteur, skriuwer, mar ek as bestjoerslid en kabaretier. Mei dit stik wol hy op positive wize de kulturele kealslach en it kuddegedrach fan minsken ûnder de oandacht bringe. De rol fan Don Quichotte leit him wol.

Sneon 29 oktober waard it stik opfierd yn de sporthal yn Snits.

www.keunstwurk.nl/theater/agenda/opus-pandora

 

Noordelijke Koorfestival:
It lange wykein fan 20 - 23 oktober is yn Ljouwert it twadde Noordelijk Koorfestival.
Fjouwer dagen lang konserten en workshops mei as tema 'de muzikale loopbaan fan koarsjongers'. Freed is de workshopdei fan it festival en dy dei is mei rom 170 oanmeldings yn it foar al in sukses.
Net allinnich sjongers melde harren dêr foar oan, mar ek ferskate koardiriginten.
Sa sil dirigint Merlijn Wackers yn ien dei mei in koar it stik 'Cantata Saint Nicolas' ynstudearje en opfiere. Dirigint Jeroen Helder fan Ljouwert folget in masterclass koardireksje fan de Ingelske Katherine Dienes.

 

Miranda Dijkstra:
Miranda Dijkstra út Koudum komt twa dagen yn 'e wike op it atelier "Bascule" fan Talant yn Snits. Op oare dagen wurket se en past ze op bern. Miranda hat in ferstanlike beheining. Se wurket bygelyks har koarte-termyn geheugen net optimaal. Mar Miranda skildert dus ek en har wurk falt op. Se skildert sênes út it deistich libben. In doarpsfeest, in trouwerij, de plysje. It mislearret noait. "Je kunt het altijd weer overschilderen."

Ut hûnderten keunstners-mei-in-handicap is se, tegearre mei in oare keunstneres, yn de prizen fallen: in sjuerypriis en de publykspriis. De € 2.000 fan de Special Award mei se besteegje oan de promoasje fan har eigen wurk. En in part fan har wurk hinget yn in eksposysje op Paleis Soestdijk.

www.specialarts.nl

 

Share this page on:
 K-rûte

K-rûte

K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Dizze wike is K-Rûte op Oerol!!
(advertinsje)