K-rûte fan 21 maart 2012

Dizze wike yn de K-rûte û.o.:
* Iepening Jaar van de Historische Buitenplaats yn Fryslân
* Nije cd Gezina van der Zwaag
* Ofstudearprojekt Popakademy foar bern

 

Staten en Stinzen:
Wisten jo dat der yn Fryslân oait mear lânhuzen, de saneamde staten en stinzen, as tsjerken wienen?
Yn elts doarp stie der wol ien. Mar fan de hûnderten staten en stinzen dy't Fryslân oait ryk wie, binne der no noch mar in stik of 20 oer. 'In kwetsberre groep monuminten' neffens boargemaster fan Kollumerlân en royalty-kenner Bearn Bilker en hy wol graach dat wy der sunich op binne. 2012 is troch Bilker en syn 'Stichting Staten en Stinzen' dan ek útroppen ta 'it jier fan de Fryske lânhuzen'.
Dit dogge sy yn neifolging fan in lanlik inisjatyf fan de Stichting Historische Buitenplaatsen 2012. Freed wurdt der op Stania-State in spesjale glossy 'In alle staten' presintearre en is de ôftraap fan in jier fol aktiviteiten. Wy binne der by en freegje ús ôf hoe kwetsber de lânhuzen yn Fryslân eins binne en wat dit jier fan de Fryske lânhuzen opsmite moat.

 
Nije cd Gezina van der Zwaag:
Sjongeres Gezina Van der Zwaag (1976) krige provinsjale bekendheid yn 2008 troch har fersy fan “Gabriella's Song”. “Gabriella's Liet” wie in troch har sels fertaalde fersy fan it it nûmer út de Sweedske film “As It Is In Heaven”. Yn de tuskentiid siet se muzikaal net stil en dêrom presintearret se op freed 16 maart har earste cd. “Kontrast” is de titel fan dizze plaat en Gezina slacht mei dizze plaat in nije wei yn, dêr't se mear fan har sels op hearre lit.

Douwe Talma sjocht by Gezina thús yn Gytsjerk en giet ek del by de skjin útferkochte cd-presintaasje yn de Harmonie yn Ljouwert.
www.gezinavanderzwaag.nl

 
Ofstudearprojekt Popakademy foar bern:
Marc Hoenderboom hat ôfrûne freed yn it Tryatergebou syn popakademy ôfstudearfoarstelling “Met mijn ogen dicht” opfierd. Dizze yntime bernefoarstelling bringt popmuzyk op in alternative wize foar bern. Wy wienen by de tariedings en gienen mei bernefoarstellingsekspert Sake Hylkema nei de premjêre. Sjen of Marc slagget foar syn oplieding en wat ús ekspert d’r fan fynt.

Share this page on:
 K-rûte

K-rûte

K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Dizze wike is K-Rûte op Oerol!!
(advertinsje)