K-rûte fan 21 desimber 2011

Yn dizze K-rûte de bêste reportaazjes út it ôfrûne seizoen:
* Paardenkracht Mannenmoed op It Amelân
* Joop Wittermans
* Rinsema eksposysje Drachten
 
Paardenkracht Mannenmoed
It drama fan de ferdronken hynders fan de reddingboat fan It Amelân (1979) is ûnderwerp fan in muzikale foarstelling yn de tsjerke fan Hollum. Wilco Berga skreau de teksten en Johan Bijhold makke de muzyk yn opdracht fan it Interkerkelijk Zangkoor. Dit koar stiet ûnder lieding fan Monique van de Ven, nee net de aktrise fan Turks Fruit.
Wouter Daane fan Marsum docht de rezjy.
Premjêre 19 oktober.
www.paardenkrachtmannenmoed.nl
 
Joop Wittermans
Hy waard 65 jier lyn berne yn Burgum.
Hy studearre oan de toanielakademy fan Arnhem en wie dêrnei yn it hiele lân op toaniel, film en televyzje te sjen.
Akteur Joop Wittermans wurdt dizze wike 65 jier, mar sit, miskien noch wol wichtiger, al 40 jier yn it fak.
Hy spile yn dy jierren yn films as De Fûke en Van God Los, yn televyzjesearjes as Fort Alpha en Vrouwenvleugel en op toaniel by Tryater en ferskate oare selskippen. Wy sjogge mei Joop Wittermans werom op dy earste 'bloeiende' 40 jier fan syn karriêre. Wat sjocht hy as hy werom sjocht? En wat moat de takomst dan noch bringe?
 
Rinsema eksposysje Drachten
Oant en mei 18 maart hat it Drachtster Museum harren grutste eksposysje ea. It is in eksposysje oer it libben en it wurk fan de bruorren Thijs Rinsema (1877 – 1947) en Evert Rinsema (1880 – 1958). Twa Drachtsters dy't beide (de ien as skilder, de oar as skriuwer) yn it begjin fan de foarige ieu keunstsinnich warber wienen mei it Modernisme. Earder dit jier koe eltsenien dy't in Rinsema thús stean hie, dat oanbiede by it museum foar brûklien. Dat blykte sa suksesfol dat it museum no sawat 300 wurken fan de Rinsema's tentoanstelle kin en sil. De pakesizzer fan skilder Thijs Rinsema - Thijs Rinsema jr. - hat in wichtige rol yn de gearstalling fan dizze eksposysje. De K-Rûte gie mei him Drachten yn om te sjen wat der oerbleaun is fan de ynfloed fan dizze Modernistyske bruorren. Mar seach fansels ek by de lêste tariedings foar dizze Rinsema eksposysje.
www.museumdrachten.nl

Diel dit berjocht op:
 K-rûte

K-rûte

K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Dizze wike is K-Rûte op Oerol!!
(advertinsje)