K-rûte fan 20 maart 2013

Wat is it om bang te wêzen
De lêsklup fan de K-rûte besprekt de ferhalebondel fan Sipke de Schiffart. Wat fine ús lêzers fan ‘Wat it is om bang te wêzen’? Wie it in griis of in genot om te lêzen oer de skouwe personaazjes dy't noch al ris wraak nimme op dizze en jinge. It boek is it debút fan Sipke de Schiffart. Hy wûn al twa kear in Rely Jorritsmapriis foar syn ferhalen en no binne dy foar it earst bondele en útbrocht.

Iepening filmhûs Ljouwert
Bart Dokter, filmoperateur fan berop, makket de iepeningsfilm foar it nagelnije Filmhûs yn Ljouwert. De K-rûte seach by de opnamen en wie ek by de ynrjochting fan it Filmhûs. Yn it programma ek omtinken foar de mear as hûndert films dy't der de kommende tiid te sjen binne.

De see
Sirkwy is in organisaasje dy't al foar it tredde jier op rige de Fryske literatuer ûnder de oandacht bringt. Dit jier organisearje sy op sneontemiddei 23 maart yn it Hannemahûs yn Harns “See, see, do wide see”. Dat is in sympoasium mei nijsgjirrige lêzings oer de rol fan de see yn de Fryske literatuer. Trije saakkundigen út it literêre fjild hawwe harren ferdjippe yn de rol fan de see yn Fryske folkslieten, literêre ferhalen en moderne poëzij. Dizze saakkundigen binne Nanne Kalma (op it mêd fan lietekultuer), Tryntsje van der Steege (op it mêd fan proaza) en Bert Looper (op it mêd fan moderne poëzij).
De K-rûte siket dizze trije saakkundigen op en is benijd wat dit opsmiten hat en wat wy hjir no krekt mei moatte.

Diel dit berjocht op:
 K-rûte

K-rûte

K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Dizze wike is K-Rûte op Oerol!!
(advertinsje)