K-rûte fan 20 febrewaris 2013

Johnny Cash
It is dit jier tsien jier dat Johnny Cash ferstoar en de toanielferiening fan Broeksterwâld en De Falom bestiet 25 jier. In skot foar iepen doel, want dy klup hjit "It moat kinne" en is dus net bang om wat oan te pakken. Johnny komt opnij ta libben, yn in bewurking fan de spylfim Walk the Line. Mar ja, hy moat dan ek wol in bytsje knap sjonge kinne...

Paula Moddersohn Becker
Yn Museum Belvédère iepenet sneon in tentoanstelling fan it wurk fan de Dútske skilder Paula Moddersohn Becker.
Sy libbe om 1900 hinne en har ekspresjonistyske wurk wie in grutte ynspiraasjeboarne foar in soad skilders. Douwe Talma reizge foar de K-rûte ôf nei it doarpke Worpswede, krekt boppe Bremen. Doe in keunstnerskoloanje dêr't Paula in grut part fan har koarte libben oan it wurk wie, want se ferstoar yn 1907, yn de âldens fan 31 jier.

Restromte
Restromte. Under dy namme besykje trije kreative ûndernimmers wat te dwaan oan de leechstân fan kantoaren en winkels yn it Noarden. Se betochten in mobyl kantoar dat je maklik ferhúzje kinne. It begûn yn Grins, mar se wolle it konsept no ek yn Fryslân hannen en fuotten jaan.

Share this page on:
 K-rûte

K-rûte

K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Dizze wike is K-Rûte op Oerol!!
(advertinsje)