K-rûte fan 18 april 2012

Yn dizze K-rûte:
* De ûndergong fan de Titanic yn Koudum.
* Emmy Verhey spilet yn Feankleaster.
* Finale Keunstbende mei Fryske kandidaten.
 
Undergong Titanic yn de Klink yn Koudum
Sneon 14 april om 23.40 oere is it 100 jier lyn dat de Titanic fergong. De skiednis werhellet him, mar no yn de Klink yn Koudum. De aktiviteitekommisje Koudum hat útfûn dat der ek Friezen op de Titanic sieten, û.o. Wessel van der Brugge fan Riis en Alie út Koudum. Tusken dy 2 wie it leafde op it earste gesicht.
Op in poadium fan rom 700 fjouwerkante meter wurdt de hiele reis, en dus it hiele ferhaal, ferteld. It publyk krijt in aktive rol by dit barren. De klimaks fan dizze jûn leit fansels op 23.40 oere. K-rûte stapt ek oan board yn Koudum en docht ferslach fan dit spektakel (as se it oerlibje....).
http://titanic.deklinkkoudum.com/
 
Emmy Verhey: fan muzikaal wûnderbern oant ynternasjonaal ferneamd fioeliste.
Op 7 desimber 1961 spile it Frysk Orkest yn Ljouwert en stie der in famke fan 12 jier mei har fioele op it poadium.
In famke dat op har achtste al ferskate stikken fan Bach spile en as wûnderbern bekend stie.
Dat wie rom 50 jier lyn en Emmy Verhey (1949), opgroeid yn Ljouwert, spilet noch hieltyd.
Ynternasjonaal jildt se as ien fan de bêste fioelisten fan ús tiid.
Sa wurke sy mei ûnder oare Bernhard Haitink, Mariss Jansons en Neville Marinner, de top fan de klassike wrâld en brocht se mear as 50 platen en cd's út.
Oer rom in moanne, op 20 maaie, fiert Verhey har jubileum mei in spesjaal konsert yn de Nije Tsjerke fan Den Haach,..mei de keninginne op 'e earste rige.
Mar earst spilet se op 7 april, op útnoeging fan de 'Kunstkring Hurdegaryp', in keamerkonsert mei Frans Douwe Slot yn Fogelsangh State yn Feankleaster.
 
Fryske finalisten by Keunstbende
Snein 15 april is foar de 22ste kear de finale fan de Keunstbende. De jierlikse lanlike wedstriid foar jong talint fan 13 oant en mei 19 jier yn de keunsten. Poppoadium De Melkweg yn Amsterdam is it plak dêr't de finalisten harren keunsten fertoane meie en ek dit jier gean der wer in hiel stel jonge Fryske talinten dy kant op.
De K-rûte sjocht yn it foar thús by twa Fryske finalisten. De 18-jierrige Jildou Abma út Wommels (finaliste yn de kategory Fashion) en de trije jonge muzikanten fan poppunkband Chop 226 út Wolvegea (finalist yn de kategory muzyk). Wy binne nijsgjirrich wat dizze jonge Friezen krekt sjen litte en werom't se meidogge oan de Keunstbende.
Www.kunstbende.nl

Diel dit berjocht op:
 K-rûte

K-rûte

K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Dizze wike is K-Rûte op Oerol!!
(advertinsje)