K-rûte fan 16 novimber 2011

Yn dizze K-rûte û.o.:
* Selliste Danielle Buizer
* De Straat en it Fries Museum
* Arlette Haverkamp yn Princessehof
 
Danielle Buizer
Dizze selliste is 24 jier en spile al op alle grutte poadia yn Nederlân. Fanút Sint Anne krige se earst selloles by Yiri Prchal yn Ljouwert. Letter by Ype Nota yn Grins. It ferfolch wie it konservatoarium yn Parys, en masterclasses yn Londen en New York. Prizen wûn Danielle al op jonge leeftiid, de earste krige se út hannen fan Wibi Soerjadi. Letter folgen earste prizen by û.o. it Prinses Christina Concours. Keninginne Beatrix hearde har spyljen yn de Oosterpoort yn Grins. It is wol dúdlik dat Danielle Buizer har muzykkarriêre rjochting de aldergrutste poadia giet. Mar sneon 12 novimber is se te hearen yn Snits, dan treedt se op mei it Frysk Symfonie Orkest. De wike derop, 19 novimber itselde programma yn Drachten.
www.daniellebuizer.nl
www.fso.tc
 
De Straat
Sûnt juny fan dit jier hat it Fries Museum yn Ljouwert in nij poadium foar Frysk talint: 'De straat'. Jonge Fryske keunstners krije dêr de kâns om in pear wiken mei harren wurk te eksposearjen. Dit inisjatyf is in gearwurking mei Fryslân Kulturele Haadsted 2018.
Oant en mei 27 novimber is de tredde eksposysje yn dizze rige te sjen en dy hjit 'Inner Space'.
Alle Jong (23) en Sander Wiersma (29) binne de twa jonge Fryske skilders efter dizze tentoanstelling. Se komme mei skilderijen fan grut formaat. Alle makket wat mysterieuze portretten en Sander makket tekeningen en akwarellen dêr't tema's lykas kwetsberens en seksualiteit faak sintraal stean. Beide keunstners sieten op de Minerva Akademy en wenje yn Grins.
De K-rûte socht dizze beide jonges op yn harren wenplak en is benijd wat dizze eksponinten fan de jonge generaasje Fryske keunstners te fertellen hawwe en hoe't sy tsjin de keunstwrâld oansjogge.
www. friesmuseum.nl
 
Utstalling Princessehof
Ferline jier wie yn Keramiekmuseum Princessehof in grutte útstalling te sjen fan Japanske kakiemon keramyk. Foar de autistyske pottebakster Arlette Haverkamp wie dit in bron fan ynspiraasje. Sûnt doe brûkt se eleminten út dy rike kakiemontradysje yn har eigen wurk. En dat docht se sa goed dat it Princessehof no 2 fan har fazen yn brûklien hat en eksposearret!
www.princessehof.nl
www.galerie92.nl

Diel dit berjocht op:
 K-rûte

K-rûte

K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Dizze wike is K-Rûte op Oerol!!
(advertinsje)