K-rûte fan 15 maaie 2013

Broken Brass Ensemble

Fryslân kin net mear om it Broken Brass Ensemble hinne. De band bestiet út sân blazers en in perkusjonist en se spylje eigen nûmers yn in styl dy in miks is fan New Orleans brass mei hiphop, funk, balkan en fanfare. Se bestean noch net sa hiel lang mar stienen lêsten al wol yn Toppop en harren klip fan de cover “Thrift Shop” is yn in moanne tiid sawat al 400 tûzen kear besjoen op Youtube. De band is dus HOT en se dogge optredens troch it hiele lân hinne.
Op Himelfeartsdei spilen se op it Dauwpop yn Hellendoorn en Douwe Talma gie mei harren mei. Want hoe tinke de manlju harren sukses fol te hâlden?

Www.brokenbrassensemble.nl

Paul Andringa yn it tsjerkje fan Ginnum

Byldzjend keunstner Paul Andringa (1963) fan Ljouwert eksposearret fan 18-20 en fan 24-26 maaie mei bylden en ynstallaasjes yn it tsjerkje fan Ginnum. Neffens Andringa is 'Als het om liefde gaat' in treffende ekposysje. Hy neamt himsels in ,,yntrospektive wurker''. Sûnt hy syn wurk net mear sa abstrakt hâldt, mar it figurative mear talit, berikt hy in grutter publyk. Op it selde stuit hat hy him ek yn de gefoelichheid ferdjippe: hy jout in persoanlike betsjutting oan syn eigen realiteit. It leafst wurket hy mei natuerlike materialen. De K-rûte sjocht yn syn atelier en giet mei nei it tsjerkje fan Ginnum.

www.paulandringa.nl

'As gong dêr in oar ' fan Leo Popma

De leden fan de K-rûte lêsklup hawwe it nijste boek fan Leo Popma tastjoerd krigen.
Har lichaamlike oanwêzichheid wie in segen dy’t er lang net mear kend hie en dêr’t er kopke-ûnder yn gong. Stadichwei hie er it gefoel krige dat dy skoalmasterij net allinne fuortkaam út har fak, mar tsjinne as pânser tsjin in groanyske ûnwennichheid. As behearske se har flechtige bestean mei in puriteins rezjym yn ʼe taal.
Wat fynt ús lêsklup fan it boek dat omskreaun wurdt as in geheimsinnige roman oer ferfrjemde en ûnwennige minsken ûnderinoar. En oer har yntrigearende relaasjes mei de levende taal en kultuer.

www.fryskenfrij.nl

Diel dit berjocht op:
 K-rûte

K-rûte

K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Dizze wike is K-Rûte op Oerol!!
(advertinsje)