K-rûte fan 15 febrewaris 2012

Yn dizze K-rûte û.o.:
* In Memoriam Hessel van der Wal
* Nederlands Studenten Orkest mei Friezinnen
* Kunsthuis Syb mei Golden Age projekt
* Nij Teater Snits
 
In Memoriam Hessel van der Wal
Yn syn wenplak Bakkefean is, op 4 febrewaris, kabaretier Hessel van der Wal ferstoarn. Van der Wal begûn as programmamakker by de RONO, de foarrinner fan Omrop Fryslân. Letter gie er de kabaretkant op, wêrby't er sels op it toaniel stie mar ek teksten skreau foar oaren. It giet dan ûnder oare om Fons Jansen. Van der Wal, dy't longkanker hie, is 73 jier wurden. Albert Jensma makket in In Memoriam mei bylden fan in reportaazje dy't Omrop Fryslân yn 2000 makke oer syn wurk en ynterviews mei freon Steven Sterk, dy 't ek syn lêste CD produsearre en Gryt van Duinen oer syn RONO tiid.
 
Nederlands Studenten Orkest mei trije Fryske famkes
Dit jier fiert it ferneamde Nederlands Studenten Orkest mei sa'n 100 leden har 12e lustrum. Dat betsjut dat it al 60 jier bestiet. Op woansdei 15 novimber komt it orkest foar ien konsert nei Ljouwert! En dat is ekstra spesjaal om't der trije Fryske famkes útkeazen binne om mei te spyljen: Martsje Hoekstra fan Akkrum (trompet), Ellis Mooiweer (Snits, kontrabas) en Rosa Visser (Snits, altfioele). Alle reden foar de K-rûte om nei Someren (by Eindhoven) ôf te reizgjen, want dêr oefenet it orkest op dit stuit alle dagen yn in kampearbuorkerij. It haadstik is "Le Sacre du Printemps" fan Igor Stravinsky. It orkest jout fan 12 oant 22 febrewaris noch útfierings: yn Someren, Maastricht, Eindhoven, Nijmegen, Haarlem, Enschede, Utrecht, Groningen, Rotterdam, Amsterdam en Rome.
www.NSO.nl
 
Kunsthuis Syb mei Golden Age
Francesca Grilli is fassineare troch de ideeënwrâld fan de âlde algemisten. Dy sochten nei de geheime formule om matearje om te setten nei goud, as symboal fan geestlike transformaasje. Yn kunsthuis Syb sil Francesca in selskip iters in symboalysk gouden miel foarsette om dat te berikken.

Diel dit berjocht op:
 K-rûte

K-rûte

K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Dizze wike is K-Rûte op Oerol!!
(advertinsje)