K-rûte fan 13 maart 2013

Europaplein
As jo it nijs wat folge hawwe, dan kin it jo net ûntgien wêze dat der nochal wat opskuor is oer it Europaplein. Jo witte wol, dat grutte ovale ferkearsplein as jo út Frjentsjer wei Ljouwert binnenkomme. It waard krekt nei de oarloch boud en it brocht de earste flats ea nei de Fryske haadstêd. Mar de gemeente Ljouwert wol it plein op 'e kop goaie en hat in plan makke om in bettere trochstreaming fan it ferkear mooglik te meitsjen, mar der binne sa'n 750 bewenners en oare partisipanten dy tsjin dat plan binne. Mar wêrom, is de fraach.
Wat is der no sa moai en bysûnder oan dat plein? En wat is de wearde fan dizze iennichste ovale rotonde fan Fryslân? Foar K-rûte frege Douwe Talma it oan arsjitekt Chris Vegter en Europaplein-bewenner Rinze van der Hem. Mar wol sûnder yn in ‘welles-nietes-diskusje’ telâne te kommen.

De emigrant
De Frysktalige teaterfoarstelling De Emigrant, skreaun en regissearre tch Romke Toering foar stichting Pier21, fertelt it ferhaal fan Sybolt de Haas (Freark Smink), in emigrant dy’t goed fyftich jier lyn yn sân haasten de oseaan oerstuts nei Kanada. Hy hat it as emigrant net maklik hân. Mar it is him slagge om in ridlik grut en goed rinnend boerebedriuw op te bouwen. De Haas hat nea wer nei it heitelân werom west. Hy woe net, seach der tsjinoan, wie der faaks wol bang foar. No’t er út it wurk is, is der gelegenheid om oan de winsk fan syn ferstoarne frou te foldwaan: hy makket in trip nei syn roots yn ‘e Greidhoeke. De soan (Theo Smedes) sil him foar it earst mei de melkerij rêde. Twa aventoeren tagelyk. De reis nei it heitelân wurdt foar de emigrant oan alle einen en kanten konfrontearjend.
www.de-emigrant.nl

De efterkant fan social media
‘Like’ jo wolris in foto op Facebook of Instagram? Of stjoere jo wolris in tweet fia Twitter de wrâld yn? Dan binne jo, mei miljoenen oare minsken, in brûker fan social media. Mar hoe sosjaal is dy social media? Fotograaf Marije Kuiper fan Finkegea en filmmakker Bas Berkhout út Amsterdam sykje mei harren projekt ‘Like Knows Like’ nei de ferhalen efter de foto’s en films dy’t sy sels like. Sy sykje de makkers op en meitsje in filmportret en foto’s dy’t sy, jawis, ek wer ‘poste’ op Facebook/Twitter/Instagram/Vimeo en YouTube.
www.likeknowslike.com

Diel dit berjocht op:
 K-rûte

K-rûte

K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Dizze wike is K-Rûte op Oerol!!
(advertinsje)