K-rûte fan 12 juni 2013

Fryske rockopera

Yn 2003 waard hiel Frankryk opskrikt troch in leafdesdrama: de populêre sjonger/frontman Bertrand Cantat fan de Frânske rockband Noir Désir hie syn minnares (de bekende aktrise Marie Trintignant) yn in út ‘e hân rûne rûzje dea slein. Hiel Frankryk stie op 'e kop en elkenien hie it dêr oer.
Dat ferhaal spruts skriuwer Bart Kingma (40) fan Ried al jierren oan. As tekstskriuwer skreau hy earder al de teksten fan 'Cohen yn it Frysk' en kaam no mei it idee om de rock opera 'Swart Langstme' te meitsjen oer dizze trageedzje. In foarstelling dêr't de muzyk fan de rockband Noir Désir bewurke waard troch muzikant Marius de Boer en it ferhaal fan Bertrand Cantat yn in teatrale foarm spile wurdt.
Op dit stuit wurdt der flink repetearre foar dit stik dat op 29 juny yn Poppoadium Romein te sjen is. Douwe Talma kaam foar de K-rûte alfêst del by de makkers om te sjen wat wy krekt fan dizze Fryske rockopera ferwachtsje kinne.

www.facebook.com/SwartLangstme

Willem van Althuis
 
Syn ferstille lânskippen en abstrakten reitsje je yn je siel. Willem van Althuis is ien fan de wichtichste skilders fan Fryske boaiem. Acht jier nei syn dea komt der in boek út oer syn libben en wurk: Achter de horizon. En yn Museum Belvédère is fan 15 juny ôf in oersjochtentoanstelling te sjen. Dy dei wurdt ek bekend oft it museum der yn slagge is om mei 'crowdfunding'  it skilderij 'It brechje' oan te skaffen.

www.museumbelvedere.nl

Community-art yn Koudum

It Beeldhouwcentrum Koudum bestiet 10 jier en eigener Herma Bovenkerk lit it hiele doarp meifeeste mei in community-art projekt. Yn gearwurking mei de bewenners hawwe keunstners it tema 'it belang fan keunst foar ússels en de mienskip' útwurke.
De Utrechtse keunstners Iris Honderdos en Arno Peeters hawwe it projekt begelaat. It duo seach op Keninginnedei oeral de flagge oan de gevels wapperjen. Dat brocht har op it idee foto's fan de bewenners mei har favorite foarwerp yn 'e hân op flaggen te printsjen. Bewenner Pietie de Boer hat ek meidien en stiet mei in moaie faas op 'e foto. Foar it publyk is in audiotour opset mei ferhalen oer de 'skatten' fan de Koudumers, wêrmei’t sy op har eigen flagge steane. Keunstner Anke Branderhorst fan Twellingea hat in keunstwurk makke oer it meast útliende boek fan de pleatslike biblioteek, dy't miskien ferdwine moat.

www.koudum.nl

 K-rûte

K-rûte

K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje.
(advertinsje)