K-rûte fan 11 april 2012

Yn dizze K-rûte:
* Selliste Dana de Vries striid foar titel bêste Jonge Musikus fan Nederlân
* Yllustratise Annette Andela wint BoekieBoekiepriis
* Autobiografy Steven Sterk
 
Selliste Dana de Vries bêste jonge musikus?
Op twadde peaskedei stride fjouwer toptalinten om de titel bêste jonge musikus fan Nederlân. Ien fan de dielnimmers is de suksesfolle selliste Dana de Vries fan Frjentsjer. De winner wurdt de Nederlânske ôffurdige foar it ‘Eurovision Young Musicians Competition’ yn Wenen.
Dana de Vries studearret op it stuit oan it konservatoarium yn Grins en hat krekt heard dat se talitten is ta it 'Conservatoire de Paris'. Se stie op it poadium by ûnder oare it Frysk Jeugdorkest, it Noord Nederlands Orkest, en it Nationaal Symfonisch Kamerorkest. By it Haydn Muziek Festival, de Stichting Jong Muziektalent Nederland en het Prinses Christina Concours wûn se ferskate priizen.
De ‘Avond van de Jonge Musicus’ wurdt moandei 9 april troch de NTR op Nederlân 2 om 20.20 oere útstjoerd. De K-rûte kaam del by de repetysje foar it televyzjeprogramma yn de Beurs van Berlage yn Amsterdam. De kandidaten sille mei it Nederlands Philharmonisch Orkest optrede en in solowurk spylje.
 
BoekieBoekiepriis foar Annette Andela
Yllustratrise Annette Andela (23) fan Riis is yn 2010 ôfstudearre oan keunstoplieding Minerva yn Grins. En no al falt se yn de prizen mei bygelyks in stripferhaal. Se wûn de tredde priis yn de BoekieBoekie-stART-award-wedstriid en kriich ek de publykspriis. Har wurk hat in grut ferskaat sa as etiketten, posters, cartoons, neam mar op. Striptekeners hawwe we net in soad yn Fryslân en dat wie reden genôch foar de K-rûte om ris by har op it atelier te sjen.
www.annetteandela.com.
 
Autobiografy Steven Sterk
"De midden en beide einen". Yn in boek mei dy titel sjocht boekhanneler en útjouwer Steven Sterk (54) yn 15 ferhalen werom op syn libben oant no ta. Snein 8 april waarden syn autobiografyske sketsen presintearre tusken de mear as twa miljoen boeken dêr't er as hanneler syn jild mei fertsjinnet. De ferhalen gean oer syn karriêre yn de ramsj, mar ek oer syn jeugd yn Sleat, oer syn freonskip mei de skilder Sjoerd Janzen en oer syn foarâlders dy't op De Lemmer ryk waarden mei de ansjofiskerij. Programmakker Sjoerd IJbema skopte de klompen út en makke mei Sterk in slach troch syn wente by De Deelen. Se seagen nei de krêft fan it wurk fan Benner en Sjoerd Janzen, preaunen in farsk bakt guozze-aai en fandelen it ferhaal op efter it sulveren ljipaai. En hja hienen it oer froulju, freonskip en it fergriemen fan it Fryske lânskip.

Diel dit berjocht op:
 K-rûte

K-rûte

K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Dizze wike is K-Rûte op Oerol!!
(advertinsje)