Johannes Wardenier: sjeny of fantast?

It mystearje Johannes Wardenier libbet mar troch. Koartlyn ferskynde op 'e nij in boek oer him, yn Stienwyk wurdt trije kear in musical oer syn libben útfierd en der is in útstalling oer him ynrjochten.

Wardenier soe yn 1934 in brânstofleaze motor útfûn ha. Ynternasjonaal giene de oaljeprizen ûnderút en yn Wolvegea wiene der konkrete plannen foar de bou fan in grutte fabryk. Wolvegea soe dêrmei it Eindhoven fan it noarden wurde, want yn de krisistiid soe der foar mear as tsientûzen minsken wurk komme. Koartsein, Wardenier hie wat útfûn dat de wrâld op 'e koppe sette soe, de krisis oplosse en de macht fan de oaljebaronnen brekke. Mar it rûn oars...

Dizze dokumintêre oer Wardenier, makke troch Sippy Tigchelaar foar Omrop Fryslân en de RVU (Radio VolksUniversiteit), waard yn 2002 bekroand mei in NL Award.

Buro de Vries (Podcast)

In bysûnder ferhaal, in moai petear of in goeie syktocht. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.
(advertinsje)