Jan Binnema is syn Fryske pleechheit en -mem tankber

Jaap en Tine Binnema wennen op in grutte pleats tusken Ferwert en Blije. Se hiene gjin bern. Oant se, oan de ein fan 1943, de soarch krigen oer in lytse poppe fan seis wike âld. In Joadsk berntsje út Amsterdam. By harren oerlibbe it Joadske jonkje de oarloch. Jan Binnema is no 76 jier Jan Binnema fertelt syn ferhaal yn it radioprogramma Buro de Vries oan Karen Bies (Omrop Fryslân) en Ines Jonker (Ljouwerter Krante), yn it kader fan it projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen'

It kontakt bleau en Jan bewarret dêr tige goeie herinnerings oan. Hy genoat fan de buorkerij, de bisten en hy mocht mei nei de feemerk. Hy herinneret him syn pleechheit Jaap Binnema as: 'een boom van een man, met handen als kolenschoppen.' Ek mem Tine wie in grutte frou. It echtpear joech him in feilich gefoel.

Fan de tiid op 'e pleats oan 'e Ferwerter Ryp hat Jan Binnema net folle taastbere oantinkens. In pear fotootsjes. Jan: 'Een luchtfoto van de boerderij. Eén foto waar ik op schoot zit bij 'heit en mem'. En eentje waarbij ik bij een ren waar de kuikentjes in opgroeiden, met een gietertje sta.' In oar moai oantinken hat Jan noch wol: in readferve klompke.

Doe't Jan as lyts jonkje by de Binnema's wenne, wie Henke de Jong in buorfamke fan in jier as alve. Letter holp se dêr yn 'e húshâlding. Se heucht har de lytse Jan noch goed. Se rûn mei him yn de bernewein en se gong mei him te fytsen. Henke is no 87 jier en wennet noch yn Blije. Oant de dei fan hjoed hat se kontakt holden mei Jan.

Yn it radioprogramma Buro de Vries is it petear mei Jan Binnema snein 9 febrewaris te beharkjen. It is de earste kear dat Jan syn ferhaal dielt mei in sjoernalist. Hy docht dat, om syn pleechheit en -mem te earen. Hy hie se graach de Yad Vashem-ûnderskieding ta ha wold, mar dat is der net fan kaam. Ek Henke de Jong fertelt har ferhaal oer de perioade dat Jan yn Fryslân wie.

Jan Binnema woe graach syn ferhaal fertelle oan de sjoernalisten Karen Bies (Omrop Fryslân) en Ines Jonker (LC), ûnder betingst dat er net syn echte namme brûke soe, mar de Fryske namme dy't er as jonkje yn Ferwert krige: Jan Binnema. Hy is oars benaud foar anty-semityske reaksjes. Hy sjocht om him hinne dat yn de hiele wrâld anty-joadske sentiminten wer de kop op stekke. Hy hopet mei syn ferhaal dat minsken toleranter tsjin elkoar oer stean gean, en dat de jeugd wit wat der gebeure kin 'als de ene groep mensen zijn wil oplegt aan anderen'.

Buro de Vries (Podcast)

In bysûnder ferhaal, in moai petear of in goeie syktocht. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.
(advertinsje)