It wetterskip fan 30 oktober 2018 17:45

It Feangreidegebiet is in iepen lânskip mei greiden dy't leech lizze op in feanboaiem. Dit lânskip driget fuort te tearen troch in te leech wetterpeil.

Wat kinne we der oan dwaan en wat bin de alternativen. Romke Kinderman syn lân is yn 80 jier mear as in meter sakke.Hy hat in grut part fan syn lân ûnderwetter set om't er graach oan it wetter wennet en om't syn mem eartiids dêr mei him te swimmen gong. Romke nimt ús mei nei in plak wêr it fean noch groeit, mar soenen de Wâlden en it fean werom komme kinne?

It wetterskip

We binne yn Fryslân al iuwen dwaande mei wetter. Wetter is ús freon, mar ek ús fijân. Yn in rige fan trettjin ôfleveringen sjocht Omrop Fryslân wat der yn Fryslân allegearre bart oan dat wetterbehear.
(advertinsje)