It wetterskip fan 27 novimber 2018 17:45

We binne hjoed te gast by Jan Talsma yn Drachten by de rioelwettersuvering. Jan wurket al jierren foar it wetterskip en wit alles fan de suvering. Hjoed lit hy ús de ynstallaasje fan binnen en bûten sjen. Der wurdt fan it rest slib ek biogas makke, hjirmei produsearret de suvering de helte fan syn eigen enerzjyfraach. It wetter dat troch de suvering hinne gien is, is oan 'e ein fan de suvering wol hast skjin, mar wat dogge we mei medisynresten?

It wetterskip

We binne yn Fryslân al iuwen dwaande mei wetter. Wetter is ús freon, mar ek ús fijân. Yn in rige fan trettjin ôfleveringen sjocht Omrop Fryslân wat der yn Fryslân allegearre bart oan dat wetterbehear.
(advertinsje)