It wetterskip fan 26 febrewaris 2019 17:45

We sjogge nei de wetterkwaliteit yn Fryslân. Dy moat neffens de Europeeske noarmen ferbettere wurde. Wa binne de fersmoargers en wat foar gefolgen hat dit op it libben yn it wetter. We rinne mei by de wetterkontrôle en by in telling fan de fiskstân yn it wetter. Want de kwaliteit fan it wetter bepaalt hokker bisten der oerlibje of net. Op ferskate plakken wurdt by nacht in hiele strook fan in kilometer leech fiske en ûndersocht.

It wetterskip

We binne yn Fryslân al iuwen dwaande mei wetter. Wetter is ús freon, mar ek ús fijân. Yn in rige fan trettjin ôfleveringen sjocht Omrop Fryslân wat der yn Fryslân allegearre bart oan dat wetterbehear.
(advertinsje)