It wetterskip fan 23 oktober 2018 17:45

Fryslân leit oan de see en der binne plakken yn Fryslân dêr't it sâlte wetter omheech komt. De famylje Goodijk fan Seisbierrum hat al in hektare dêr't neat mear op groeie wol en ek it fee waard siik. Hy wit no dat it troch it sâlt komt. Hydrolooch Joca Jansen lit sjen hoe't dat kin en Siebolt Krol spielt it lân fan Goodijk troch. It helpt ek net dat it wetterpeil fan it sleatwetter sa leech stiet. Mar it lân fan Goodijk leit al hiel leech. Dus it wetterpeil omheechbringe kin allinnich as de boel ûnder rint.

It wetterskip

We binne yn Fryslân al iuwen dwaande mei wetter. Wetter is ús freon, mar ek ús fijân. Yn in rige fan trettjin ôfleveringen sjocht Omrop Fryslân wat der yn Fryslân allegearre bart oan dat wetterbehear.
(advertinsje)