It wetterskip fan 2 oktober 2018 17:45

Yn it Wetterskip wolle we dizze wike witte wat der bart as der in dyk trochbrekt. Wy sjogge mei hydrolooch Michiel Bootsma en krisismanager Bert Steeman nei it wettersysteem by in ramp. Troch de drûchte binne de polderdiken kwetsber en wy gean op ûndersyk út. En wy binne by in grutte oefening fan in ramp op it wetter mei in grut skip.

We folgje de offisier fan 'tsjinst wetter' Bennie Meinsma. De drûchte is dizze simmer opskaald nei it heechste krisis niveau by it Wetterskip. We freegje bestjoerslid Marian Jager wat der better kin by de oanpak fan de drûchte as we werom sjogge op dizze simmer.

It wetterskip

We binne yn Fryslân al iuwen dwaande mei wetter. Wetter is ús freon, mar ek ús fijân. Yn in rige fan trettjin ôfleveringen sjocht Omrop Fryslân wat der yn Fryslân allegearre bart oan dat wetterbehear.
(advertinsje)