It wetterskip fan 16 oktober 2018 17:45

We binne it hast fergetten nei sa' n drûge simmer, mar it reint in soad yn Fryslân. De measte rein bedarret yn de Waadsee by Lauwerseach. Mar hoe komt dat wetter no yn Lauwerseach en wêr komt it dan allegearre lâns? Om dat út te finen gean we op 'en paad mei rayonbehearder Rommert Casemier. Boezembehearder Pier Schaper fertelt oer de kapasiteit fan syn gemalen. En is der ek in gemaal nedich op Lauwerseach?

It wetterskip

We binne yn Fryslân al iuwen dwaande mei wetter. Wetter is ús freon, mar ek ús fijân. Yn in rige fan trettjin ôfleveringen sjocht Omrop Fryslân wat der yn Fryslân allegearre bart oan dat wetterbehear.
(advertinsje)