It Waar fan 9 juny 2012

Foarútsjoch
Snein geregeld de sinne derby en droech waar. Oerdei temperatueren om de 18 of 19 graden. In matige oant frij krêftige weste- oant súdwestewyn. Yn 'e jûn droech waar mei earst 16 of 17 graden.

Moandei buien, bytiden sinne en 17 of 18 graden. Rêstich waar. Tiisdei earst rein, letter buien mei 17 graden en in matige oant frij krêftige noardwestewyn. Woansdei buiich waar, tongersdei in pear buikes. Dy dagen temperatueren om de 15 of 16 graden.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)