It Waar fan 8 desimber 2013 18:09

Foarútsjoch.
Bewolkt waar, wat rein en sa'n 9 of 10 graden. In matige oant frij krêftige west oant súdwestlike wyn. Op 'e jûn en yn 'e nacht ek bewolkt waar mei temperatueren om de 4 of 5 graden hinne.

Tiisdei en woansdei droech waar mei in soad sinne en 7 of 8 graden. Dizze dagen mear kâns op mist. Yn 'e nachten stadichoan kâns op froast oan de grûn.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)