It Waar fan 8 augustus 2018 18:20

Tongersdeitemoarn sinneskyn en al fluch sa'n 25 oant 27 graden. Yn 'e middei in tanimmende bewolking en oanhâldende rein mei kâns op tonger en wynstjitten. In swakke oant matige wyn út it noardeasten, yn 'e jûn noardwest en oan de kust nimt de wyn dan ta oant yn krêft 6 oant 7, krêftich oant hurd. Yn it Waadgebiet kâns op in stoarmige wyn. Yn 'e nacht earst noch inkelde buien mei kâns op tonger. Letter opklearrings en sa'n 14 graden.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)