It waar fan 7 maaie 2013

Foarútsjoch
Earst bewolkt waar, dêrnei in skoft sinneskyn. Yn 'e middei út it súdwesten wei in buiïch waartype. Oerdei sa'n 16 oant 20 graden. In matige oant frij krêfige súdwestewyn. Op 'e jûn en yn 'e nacht noch in bytsje rein. Himelfeartsdei nei alle gedachten droech waar mei aardich wat sinneskyn en oerdeis 15 oant 17 graden. In matige oant frij krêftige súdwestlike wyn. Oan de kust, yn it Waadgebiet en op de Iselmar letter tannimmend krêftich. Yn 'e nacht inkelde buien of buikes, út en troch wat sinneskyn en sa'n 14 oant 15 graden. In krêftige súdwestlike oant westlilke wyn. It wykein wikseljend bewolkt waar mei inkelde buien of buikes, geregeld de sinne derby en sa'n 14 oant 15 graden.

Share this page on:

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)