It Waar fan 7 juny 2012

Foarútsjoch
In soad bewolking mei buien, út en troch swiere tongerbuien mei kâns op swiere wynstjitten en hagel. In warskôging foar de wettersport en it ferkear. De sinne lit him no en dan ek noch wolris efkens sjen. Temperatueren om de 18 of 19 graden. De súdwestelike wyn is krêftich oant hurd (7 Bft). In de neimiddei en jûntiid ôfnimmend buiig mei opklearrings.

Freed wikseljend bewolkt mei rein en/of buien, mar ek út en troch sinneskyn. It wurdt sawat 18 graden by in frij krêftige en oan see krêftige oant hurde súdwestlike wyn. Sneon krije wy reinerich waar mei in frij krêftige west- oant súdwestlike wyn. De dagen dêrnei hâlde wy wikselfallich waar mei rein en in temperatuer om de 18 graden hinne.

Diel dit berjocht op:

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei sneon om 17.30 oere.
(advertinsje)