It Waar fan 7 july 2018 18:10

Snein flink wat sinne en 22 of 23 graden. In swakke of heechút matige wyn út it noarden oant noardwesten. Yn 'e jûn sinneskyn en earst waarm. Yn 'e nacht sa'n 13 graden. Moandei de sinne derby en 20 of 21 graden. In matige wyn út it noarden oant noardwesten. Yn 'e nacht yn it Waadgebiet in bui(ke) en in (frij) krêftige wyn út it noarden oant noardwesten.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)