It Waar fan 7 desimber 2019 18:10

Snein yn de moarn rein en yn de middei in pear buien, mar meast drûch. Oerdeis kâns op sinne en 11 of 12 graden. Der stiet in krêftige oant hurde súdwester, wynstjitten yn krêft 8. Yn de jûn en nacht buien mei in krêftige oant hurde súdwester. Mear it lân yn wynstjitten yn krêft 6 of 7. Kust oant yn krêft 8 of 9. Yn de jûn in lange perioade mei drûch waar, letter yn de jûn en benammen yn de nacht stoarmbuien mei wynstjitten oant in krêft 6 oant 8. Yn de nacht likernôch 7 graden. In krêftige oant hurde súdwester. Waadgebiet wynstjitten yn krêft 8 of mooglik yn krêft 9.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)