It Waar fan 7 desimber 2013 18:10

Foarútsjoch.
Meast bewolkt en droech waar. Temperatueren om de 9 of 10 graden hinne. In matige oant krêftige west oant súdwestlike wyn. Yn it Waadgebiet bytiden hurd. Op 'e jûn en yn 'e nacht in bytsje rein of storein. Mei sa'n 7 of 8 graden, foar de tiid fan it jier, wurdt it in waarme nacht.

Tiisdei en woansdei droech waar mei in soad sinne en 7 of 8 graden. Dizze dagen mear kâns op mist. Yn 'e nachten stadichoan kâns op froast oan de grûn.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)