It Waar fan 5 febrewaris 2013

Foarútsjoch: Yn 'e moantiid droech waar mei flink wat sinne. Yn 'e rin fan de middei komme der inkelde winterse buikes, mei (wiete) snie en rein. De temperatueren komme te lizzen om de 4 graden. Mar troch de matige oant krêftige wyn út it noardwesten, fjilt it wol in stik kâlder oan. Woansdei in protte sinne, mei inkelde rein- en wiete sniebuien en oerdei 4 graden. Tongersdei en freed geregeld snie of sniebuien mei oerdei 3 oant 4 graden. Yn 'e nachten lichte froast. It wykein wurdt wer kâlder mei nachts matige froast.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)