It Waar fan 4 maart 2013

Foarútsjoch: It wurdt tiisdei opnij skitterjend waar mei in protte sinne en hurd oprinnende temperatueren. De temperatueren komme te lizzen tusken de 10 en 13 graden. In geweldige dei. De wyn komt út it súdeasten oant suden en is meast matich. Yn 'e jûn en nacht wat mear bewolking.

Woansdei wat mear bewolking, mar ek sinne en temperatueren om de 12 graden. Tongersdei oerdei noch droech waar, mar wol in protte bewolking en 10 graden. Freed en sneon bewolkt waar en 7 graden. In frij krêftige east- oant súdeastewyn. Ek út en troch lichte rein.

Diel dit berjocht op:

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei sneon om 17.30 oere.
(advertinsje)