It Waar fan 4 desimber 2019 17:15

Tongersdei earst mist en kâns op glêdens. Oerdeis ek sinne en 5 of 6 graden. It wurdt wetterkâld mei in matige oant krêftige wyn út súd oant súdwest. Yn de nacht fan tongersdei op freed rein en 4 of 5 graden. In krêftige wyn út súd oant súdwest. Freed wurdt in folsleine hjerstdei mei rein, sawat 9 of 10 graden en in krêftige oant hurde súdwester. Yn it Waadgebiet wynstjitten oant yn krêft 8. Yn de jûn en nacht buien. Sneon geregeld sinne en earst in bui of in buike mei sa'n 9 of 10 graden. In matige oant (frij) krêftige wyn út west oant noardwest. Yn de nacht rein. Snein folget mei buiich war en 9 of 10 graden.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)