It waar fan 31 maaie 2012

    Foarútsjoch
    It wurdt in wikseljend bewolkte dei mei in pear lokale buien of buikes. Letter wurdt it droech en it is koel mei temperatueren om de 14 graden, by in matige oant frij krêftige noardwest- oant noardlike wyn.

    Sneon en snein hâlde wy meast droech waar en temperatueren om de 14 à 15 graden. Yn 'e jûn en nacht nei moandei inkelde buien. Moandei meast droech, mar yn 'e jûn en nacht opnij buien. De temperatueren lizze moandei noch altyd ûnder normaal mei 15 graden.

    It Waar

    Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
    (advertinsje)